Afscheidssymposium Reinier Salverda

Achte hear, mefrou,

Graach noegje wy jo hjirby – mei út namme fan prof. dr. Reinier Salverda - út foar it sympoasium ‘Fryslân en de wrâld’, op freed 29 novimber 2013 fan 13.30-19.00 oere yn kongres- en stúdzjesintrum It Aljemint fan de Fryske Akademy te Ljouwert. Dit sympoasium wurdt holden by gelegenheid fan de pensjonearring en it ôfskied fan Reinier Salverda, dy’t  fan 1 juny 2006 ôf direkteur-bestjoerder fan de Fryske Akademy west hat. 

Nei ôfrin fan it sympoasium is der gelegenheid om persoanlik ôfskied fan Salverda te nimmen. Jo fine hjir it programma fan it sympoasium. Opjaan kin fia dizze link of fia de link yn it programma.

Wy tidigje op jo komst!

Mei hertlike groetnisse,
Fryske Akademy,

dr. Hanno Brand, 
waarnimmend direkteur-bestjoerder